|
Forsyk
dounsje
op myn wimpers
famke
mar doch it
op bleate fuotten
dyn waermte
sil dy opslute
yn myn eagen
myn flame
brant
lyk
in wylde dream
oer dy
mei ik dounsje
op dyn lippen
fearje yn dyn leafde
ik haw de sokken al út
de eagen wurde minder
it libben jonger
myn loften wurger
de skuon slite
hieltiten
mear
ik gean op ’e selde foet fierder |