september 1888

 

 

Aflevering 14

Cornelis Wielsma (1845-1922)

Fan komôf in Jouster; sûnt 1863 skoalmaster te Grou, dêr't er dè man fan it Fryske doarpsfermidden waard, foar safier dat him mienskiplik utere: in feest, priisútdieling of sokssawat sûnder ferskes en taspraken fan master Wielsma wie in seldsumens. Hy wie mei ien inkeld koartswilich rymke ûnder de jonge Friezen dy't wat hienen yn It Jonge Fryslân, dat P.J. Troelstra en O.H. Sytstra 1881 útjoegen. Fan 't begjin ôf oan de ein ta wie er fêste meiwurker fan Piter Jelles' en Tsjalling Eeltsjes' tiidskrift For Hûs en Hiem. Hy skreau teffens yn de Selskipsútjeften en Sljucht en Rjucht en joech apart berneferskes út yn 1886; yn 1889 noch ris mei H. van Warners, J.J. Hornstra Gzn. en E. Zwart.
Wielsma hat ek gâns foardrachten skreaun, meast foar fêste lju. Earst foar Rozenga en Molenaar; ek foar Molenaar en Krips; letter foar Ligthart en juffer Speekhout. Dat wie wurk, dêr koene minsken fan literêre smaak mei nocht nei harkje, sa geastich en sa echt Frysk. Dêrom net, sa wie alles wat er skreau. Utmuntsje die er ek yn it slachrym; fan dat oangeande mei er nêst Staring en De Genestet neamd wurde.
Fan 1903-1913 hat er Selskipsfoarsitter west. Dêr doogde er net rjocht foar: te sninnich. "Mear de master as de lieder", hat S.L. van der Burg ris fan him sein.

"Wielsma, de man mei syn fieling foar humor, syn demokratysk fielen en tinken, mei syn leafde goar it libjende Frysk en syn ôfgriis fan it ferbasterjen fan taal en folk hie it in bulte minder treffe kinnen, as er him op in oar plak as Grou ta wenjen set hie. Want wat yn de jonge skoalmaster slomme, dat moast yn it echte Grouster doarpslibben mei syn âlde tradysjes, mei syn ryk ferline, groeie en bloeie, ta grutte foldwaning fan de man sels en ta in geniet fan wa't him ferstean en begripe woe, as man mei aparte gaven fan herte en holle en sa dwaande ek mei aparte lekken en brekken, dy't men as bûtensteander ornaris yn de jankste fâlden wit te slaan." (Canne yn"It Heitelân 1926, s.278). "Foaral troch syn pittige koartdichten, moaie berneferskes en satiryske en koartswilige foardrachten kin er ien fan de bêste Fryske folksskriuwers neamd wurde." (J. Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, side 142.) Wielsma syn neilitten wurk útjaan, is ien fan dy dingen, dy't it Selskip dwaan moatten hie. Benammen Wielsma is troch de beweging fan 1915 fiersten te fier efterút fierd. Hy hie as humoristysk folksskriuwer grutte deugden.

J.J.H. (= Jan Jelles Hof)
Yn: Tinkboek fan it hûndertjierrich bestean fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse 1844-1944. Ljouwert [1949]. Sign.3625 fr.

Bron: Leeuwarder Courant 19 september 1888
Reacties:

Ien fan de fertsjinsten fan master Wielsma is dat mei troch syn tadwaan it Sint Piterfeest noch altiten fierd wurdt yn Grou ynstee fan it Sinterklaasfeest. Oant foar in pear jier wie der yn Grou noch in Master Wielsma-skoalle, mar troch in fúzje is dizze namme ferdwûn.

Joukje Bouma (01-09-2008)


  • Deze pagina maakt deel uit van Friesland Zoals Het Was, Internetmagazine van Tresoar. Bekijk hier de aflevering van deze maand.
  • Heeft u een foto of ander materiaal bij bovenstaand bericht dan kunt u die (gescand) als bijlage bij een email sturen aan de webmaster. Alléén foto's waarop geen copyright berust worden op de site geplaatst.
  • Heeft u een aanvulling op bovenstaand bericht of anderszins commentaar erop, dan kunt u onderstaande formulier invullen. Uw commentaar wordt na goedkeuring van een medewerker van Tresoar op de website geplaatst en kan dan ook door andere bezoekers worden gelezen.
    Indien u de twee onderstaande hokjes aanvinkt wordt uw naam en email adres bij uw commentaar geplaatst. Mocht u dit niet wensen zorg er dan voor dat beide hokjes niet aangevinkt zijn.

Naam:

Woonplaats:
E-Mailadres:
Toon uw naam bij uw commentaar
Toon uw e-mail bij uw commentaar
Commentaar (max. 1.000 karakters)
karakters over